Teken fan Libben | Aflevering 10

Aflevering 10 It is in jier lyn dat Jildau Lageweg (14) út Aldehaske by in ferskriklik ûngelok yn Jirnsum om it libben kaam. De famylje fan Jildau docht no foar it earst harren iepenhertige ferhaal by Omrop Fryslân. Op moandei 15 en moandei 22 maaie yn Teken fan libben in twalûk oer dat ûngelok. Hoe stiet it gesin der no foar en hokker rol spilet de rjochtsaak tsjin de bestjoerder yn harren libben? Yn it earste diel fan it twalûk Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 9

Ien fan de helptsjinsten dy't by harren wurk konfronteare wurde mei deadlike ûngemakken binne bergers. Op it earste gesicht hawwe sy allinnich te krijen mei de auto's, mar yn de praktyk krije sy folle mear foar de kiezzen. Yn dizze ôflevering in portret fan bergers Kees Boersma út Wâlterswâld en Albert Tolman fan Beetstersweach. Hoe geane sy om mei de dramatyske situaasjes yn harren wurk? Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 8

Yn dizze ôflevering in portret fan Age Veldboom út Earnewâld. Ferneamd yn de wettersport om syn sylskoalle en skûtsjemuseum. Mar efter dizze enerzjike en markante man, skûlet in dramatysk ferlies. Op 12 juny 1998 komt syn frou Anna Veldboom (41) by in auto-ûngemak om it libben. Age, harren twa soannen Thom en Jurjen en de sylskoalle bliuwe ferslein achter. Hoe sjocht Age no, 19 jier letter, werom op it ferlies? Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 7

Op 15 novimber 2014 ferûngelokt Jaap-Dirk Schaap (44) mei syn crossmotor op de Sedyk by Easterbierrum. Syn swager Martin rekket by it ûngemak swier ferwûne en yn koma. As hy wer bykomt docht bliken dat hy swiere harsenskea oprûn hat. Hy en syn frou Marga, de zus fan Jaap-Dirk, fertelle oer de impact fan it ûngemak op harren libben. Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 6

Yn Nederlân binne rom 20.000 frijwillige brânwachters aktyf. Allegear mannen en froulju dy’t sadree’t de piper giet alles op alles sette om minsken yn need te helpen. By ferkearsûngemakken binne sy faak as ien fan de earsten te plak. Yn dizze ôflevering fan Teken fan libben giet Raynaud yn petear mei âld-brânwachter Tamme Metzlar en syn jonge opfolger Hendrik Jellema fan Wommels. Hoe geane sy om mei oangripende situaasjes? Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 5

Op de dyk tusken Garyp en Earnewâld waard op 19 juny 2005 Oeltsje Popma oanriden. Yn Teken fan libben giet presintator Raynaud Ritsma yn petear mei syn mem, Hinke Popma út Warten. Hoe ferwurkest as famylje dy swiere tiid en wat hat it foar ynfloed op harren libben no? Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 4

Op 4 maart 2013 kaam Monique van der Veer troch in ûngemak op de Sweachsterwei tusken de Gordyk en Beetstersweach om it libben. Har man Henk van der Veer bleaun efter mei harren twa dochters. Hy fertelt oer de drege tiid dy't folge. Want hoe moast as heit fierder wannear mem net mear thús komt? Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 3

Hoe bringst as plysjeman it minne nijs oan de neibesteanden? En hoe ferwurket hy dy swiere mominten sels? Efter alle bermmonuminten sit in ferhaal dat net ophâldt by it ûngelok. Sa ek it ferhaal fan helpferlieners. Yn dizze útstjoering stiet it ferhaal fan plysjeman Albert Dijkstra fan plysjeteam Drachten sintraal. Hy is ien fan de helpferlieners dy't te krijen hat mei 'min nijs petearen'. Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 2

Yn de twadde útstjoering it ferhaal fan Tjeerd en Jelly van der Meer út Oentsjerk. Op 5 jannewaris 2001 ferlearen sy harren dochters Claudia en Nathalie, en it ûnberne berntsje fan Claudia, op de N361 fan Dokkum nei Rinsumageast. De krúskes dy’t sûnt dy tiid op it plak fan it ûngelok steane, foarmje miskien wol it ferneamdste bermmonumint fan Fryslân. It monumint hâldt alle dagen hûnderten automobilisten in spegel foar. Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.

Teken fan Libben | Aflevering 1

Teken fan libben stiet hjoed stil by it ferhaal fan keunstner Fokke Veurman út Aldtsjerk. Op 4 novimber 2000 ferlear hy syn âlders Bart en Griet by in hertferskuorrend ûngelok yn Oentsjerk. Hy fertelt oer de impact dy’t it ûngelok noch alle dagen op syn libben hat. Alle uitzendingen zijn in het Nederlands ondertitelt.
Teken fan libben Een samenwerking met Murk Jaap van der Schaaf. Vanaf 6 maart 2017 voor het eerst uitgezonden door Omrop Fryslân. Wanneer presentator Raynaud Ritsma langs een bermmonument rijdt, beseft hij dat achter zo’n monument een verhaal zit dat niet ophoudt bij het ongeluk. In het programma wil we de nabestaanden en hulpverleners een gezicht te geven. Hoe verwerken zij hun verlies en staan ze sinds het ongeluk in het leven?
Teken fan libben - Fokke Veurman Kunstenaar Fokke Veurman We staan in de eerste aflevering stil bij het verhaal van kunstenaar Fokke Veurman uit Aldtsjerk. Op 4 november 2000 verloor hij zijn ouders Bart en Griet bij een hartverscheurend ongeluk in Oentsjerk. Hij vertelt over de impact die het ongeluk nog iedere dag op zijn leven heeft.
Teken fan libben - Raynaud Ritsma en Jelly van der Meer
Jelly van der Meer in gesprek met Raynaud Ritsma.
Verder in deze serie het verhaal van Tjeerd en Jelly van der Meer uit Oentsjerk. Op 5 januari 2001 verloren zij hun dochters Claudia en Nathalie, en het ongeboren kindje van Claudia, op de N361 van Dokkum naar Rinsumageast. De kruisjes die sinds die tijd op de plaats van het ongeluk staan, vormen misschien wel het bekendste bermmonument van Fryslân. Het monument houdt iedere dag honderden automobilisten een spiegel voor.
Teken fan libben
Begraafplaats rond de Mariakerk in Oentsjerk.
Teken fan libben is vanaf maandag 6 maart iedere maandag te zien vanaf 18.45 uur bij Omrop Fryslân. Op Omropfryslan.nl/tekenfanlibben is aan de hand van een kaartje een overzicht te vinden van bermmonumenten in Fryslân.
Teken fan libben - Albert Artskjid
foto: Raynaud Ritsma
(van links naar rechts) Jan Bensliman, Murk Jaap van der Schaaf, Raynaud Ritsma, Sybrand Bok en Albert Artskjid.
Opnamen bij de politie in Drachten.
 
Een idee van Raynaud Ritsma - Format Murk Jaap van der Schaaf. Regie: Murk Jaep van der Schaaf Presentatie: Raynaud Ritsma (Vangrail) Camera: Jan Bensliman Geluid: Sybrand Bok Montage: Jelmer Douma Audionabewerking: Linze Valk (BIG-L) Camera: Sony PXW FS7 - (Cine-EI  - Slog2 - XAVC I - 1080 25p)
Close Panel